Epke Zonderland sulver op WK

Epke mei syn sulveren medalje
Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat snein by de wrâldkampioenskippen turnjen yn Londen op it ûnderdiel rekstôk in sulveren medalje wûn. Hy skoarde in puntetotaal fan 15,825.
De Sinees Zou Kai waard wrâldkampioen mei 16,150. Brûns wie der foar de Italiaan Igor Cassina mei 15,625 punten. It is de achtste wrâldkampioenskipmedalje út de histoarje fan it Nederlânske turnjen.