De Jouwer-Snits lykspul

Joreilly Chirino makket foar De Jouwer de lykmakker (Foto: Martin de Jong)
De Fryske twastriid yn 'e sneinshaadklasse tusken De Jouwer en Snits Wyt Swart is einige yn in 1-1 lykspul. Yn 'e earste helte flak foar it skoft sette Freerk de Jong de Snitsers op in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte wie it Joreilly Chirino dy't foar De Jouwer de lykmakker op it skoareboerd sette.
Snits Wyt Swart hat no njoggen punten út sân wedstriden. De Jouwer stiet ûnderoan yn 'e haadklasse mei twa punten út sân wedstriden.