Hingbúkswyn yn drugsauto

18 okt 2009 - 15:33
  • Hingbúkswyn (argyffoto)

In 32-jierrige ynwenner fan Lochum is yn 'e nacht fan sneon op snein oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan drugs. De man wie dúdlik flink op 'e doele rekke doe't de plysje him oantrof. Hy wie in stik greide by Deinum ynriden. Dêr stapte er hieltiid yn en út 'e auto en klom er sels ien kear troch de kofferbak wer yn 'e auto.

Yn de auto sieten neist twa oare manlju ek noch in hingbúkswyn. De man is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)