Frouljusfuotbal live by Omrop

De Oranje fuotbalfroulju (foto: Martin de Jong)
Omrop Fryslân stjoert takom sneon 24 oktober de earste WK-kwalifikaasjewedstriid fan ‘e fuotbalfroulju fan it Oranjeteam live út. Se spylje dan tsjin Noarwegen.
It is foar it earst dat Omrop Fryslân op dy wize omtinken jout oan frouljusfuotbal. De KNVB hat it útstjoeren fan ‘e wedstriid foarlein oan alle regionale stjoerders. Acht omroppen grypten de kâns om sa it frouljusfuotbal mear foar it fuotljocht te bringen.