Arjan Stroetinga wint maraton

Arjan Stroetinga fan Waskemar hat op Thialf de twadde maraton om de DSB Cup wûn. It waard in spektakelstik oer 125 rûntsjes. Trije Friezen: Arjan Stroetinga, Douwe de Vries en Bob de Vries hellen mei Kurt Wubben (Pijnacker) it peloton twa kear yn. Troch in falpartij slagge dat Jorrit Bergsma fan Aldeboarn, de winner fan ferline wike, net.
Douwe de Vries naam yn de finale Arjan Stroetinga op sleeptou: Arjan waard 1, Douwe 2. Op ôfstân waard Bob de Vries 3.