Albert vd Ziel wint Fytrisrin

© Omrop Fryslân
Hurdrinner Albert van der Ziel is winner wurden fan de Fytrisrin yn De Westereen. De Berltsumer rûn de 20 kilometer yn in tiid fan 1.19,10. Eelco Hoogeveen út Blije kaam nei 31 sekonden as twadde oer de streek. Tredde waard Sieds Wiersma út Drachten yn 1.20,46.
By de froulju wie Liesbeth Andreae fan Húns de rapste yn 1.37,00. De 15 kilometer waard wûn troch Henk Sikma út De Westereen.