Flylanner blêd ferskynt letter

© Omrop Fryslân
It Flylanner blêd Vliezier ferskynt dizze wike net. Redakteur Berend Hazenberg hat by in fal fan in dún syn ankel swier skansearre. Hy sit dêrom tydlik yn in rolstoel en kin it redaksjekantoar net yn. Yn de rin fan nije wike krijt Hazenburg ringips en kin er wer oan it wurk.
It slagget dan noch net de Vliezier sa as wenst op freed ferskine te litten. Abonnees op Flylân krije it in dei letter, oan 'e fêste wâl is dat nei it wykein. De Vliezier hat in 800 abonnees.