Harkemase Boys wint fan ACV

17 okt 2009 - 16:37

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat sneon op it eigen fjild mei 3-1 fan AVC út Assen wûn. De hurde wyn hie in protte ynfloed op it spul. ACV profitearre dêr yn de earste helte net fan. De Boys wol, want Oebele Schokker bruts yn de twadde helte de skoare iepen. Martijn Barto makke de 2-0.

Yn de lêste minuten krigen beide ploegen noch in strafskop. ACV makke earst de 2-1, Oebele Schokker soarge dêrnei fan alve meter foar de 3-1 de einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)