Sweeffleantúch lânet yn Boksum

17 okt 2009 - 16:23

In piloat fan in sweeffleantúch fan de Fryske Aero Club hat syn tastel sneon by Boksum oan 'e grûn sette moatten. De man wie ûnderweis nei de fleanbasis, mar koe dy net mear helje fanwege it fuortfallen fan 'e termyk. Dat kaam troch in reinbui.

De man hat dêrom út foarsoarch it fleantúch yn in stik greide oan 'e grûn set. Dêr is it yntusken mei in auto weihelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)