Bekûgelers Cambuurbus oppakt

17 okt 2009 - 15:10

De plysje fan Deventer hat freed twa supporters fan 21 en 23 jier fan Go Ahead Eagles oanhâlden dy't mei stiennen smieten nei de bussen mei Cambuur-supporters. De supporters fan de fuotbalklup út Dimter sochten de konfrontaasje mei de Ljouwerters nei de winnende goal fan Cambuur oan de ein fan de wedstryd.

De plysje koe in fjochtpartij tusken beide groepen foarkomme. Mar fierderop yn de stêd wachten de Dimtners de bussen op en smieten de ruten yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)