Konteners Skylge net fûn

De oanspielde pûdsjes mei nútsjes wiene gau ferdwûn
De syktocht fan de Kustwacht nei de konteners dy't freed boppe Skylge fan in skip slein binne hat neat opsmiten. Alve fan de trettjin konteners wurde noch fermist, de oare twa binne oanspield op it strân fan Skylge. By de syktocht is wol it hout fûn dat freed ek fan in skip sloech.
Dat hout driuwt sa'n 45 kilometer boppe Teksel. Nei alle gedachten sil it oer in dei of twa oanspiele. Omdat it hout yn in farrûte driuwt, moat de skipfeart der ekstra om tinke.