Ferwûnen by ûngelok Wynjewâld

17 okt 2009 - 12:56

Twa ynwenners fan Wynjewâld rekken freed ferwûne by in ûngemak op de Mounleane yn har wenplak. Se botsten frontaal op de auto fan in 32-jierrige bestjoerder út Jistrum. Dy ried achter in auto mei feewein, dy't ôfslaan woe.

De man út Jistrum gie in stikje nei links om te sjen as er ynhelje koe. Dêr ried de 53-jierrige frou út Wynjewâld. Dy rekke troch de botsing beknipe yn har auto. Se is der troch de brânwacht út helle. Har 22-jierrige passazjier rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)