Ljouwerteradiel hâldt jild oer

17 okt 2009 - 12:40

De gemeente Ljouwerteradiel hâldt it kommende jier hast 30.000 euro oer op de begrutting. Om ta dit resultaat te kommen hat de gemeente wol maatregels nimme moatten, om't de gemeente minder jild krijt fan it Ryk. Dêrom geane de gemeentlike tariven omheech mei fiif prosint. Ek moat it selsstannich meitsjen fan sportkompleks It Gryn yn Stiens jild opsmite.

Dêrneist brûkt de gemeente in part fan it jild dat binnenkaam is mei de ferkeap fan de oandielen yn Essent.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)