Jonge flybket op bussjauffeur

17 okt 2009 - 12:06

In 19-jierrige ynwenner fan Grou is freedtejûn oanhâlden nei't er in bussjauffeur yn it gesicht flybke hie. De Grouster siet mei in groep maten yn de bus en makke in soad leven. Doe't de sjauffeur harren frege at se it wat rêstiger oan dwaan woene, kaam de groep driigjend by de sjauffeur te stean. Dy warskôge derop de plysje.

De groep stapte op de Oostergostrjitte út de bus. Dêrby flybke de Grouster de sjauffeur yn it gesicht. Hy koe fuortendaliks oppakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)