Kustwacht siket konteners

17 okt 2009 - 09:38

De Kustwacht siket sneon opnij nei konteners dy't freed boppe Skylge fan in skip slein binne. It giet om trettjin konteners, twa binne yntusken oanspield op Skylge. Ien fan de twa is freed burgen, by de oare wurdt dat sneontemoarn dien. Op it eilân is ek guod út de konteners oanspield, lykas pûdsjes nútsjes

By de syktocht fan de Kustwacht wurdt ek útsjoen nei in lading hout, dy't freed fan in oar skip sloech. Dat wie sa'n 80 kilometer boppe Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)