Wurk rotonde duorret langer

17 okt 2009 - 08:33
  • De wurksumheden duorren hast in dei langer

It ferkear hat sneon hinder hân fan it wurk oan de rotonde by De Jouwer. It wurk oan de rotonde duorre langer as earst tocht. Troch de rein dy't yn de nacht foel, koe Rykswettersteat gjin linen op de dyk sette, nei't dy opnij asfaltearre wie. In part fan de rotonde hat dêrom oant fiif oere middeis ticht west foar ferkear.

Bestjoerders út It Hearrenfean, De Jouwer en Snits wei, koene de rotonde net op. It ferkear waard omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)