Cambuur nei topper koprinner

16 okt 2009 - 22:04

SC Cambuur hat de topper yn Deventer mei 2-1 fan Go Ahead Eagles wûn en is de nije koprinner fan de Jupiler League. Net foar it earst dit seizoen kaam de winst fier yn de ekstra tiid. De earste helte smiet amper kânsen op.

Yn de twadde helte wie der mear aksje. Halil Colak sette de thúsploech yn de 74e minút op foarsprong. Mark de Vries makke sân minuten letter de 1-1. Yn de ekstra tiid krige Danny Guijt noch in frije traap. Oguzhan Türk skeat de bal fan sa'n 18 meter prachtich binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)