Bou Sint Anne kin fierder

16 okt 2009 - 18:43
  • De bou kin no fierder gean

De nije bewenners fan soarchkompleks Van Harenshuus yn Sint Anne kinne yn de hjerst fan 2010 ferhúzje. Soarchgroep Noorderbreedte en wenningboukorporaasje Wonen Noordwest-Fryslân kinne fierder mei de bou fan it kompleks, no't de rjochtbank útsprutsen hat dat de boufergunning foldocht oan alle easken.

De bou hat twa jier stillein as gefolch fan juridyske prosedueres dy't in supermerkeigner yn de buert oanspand hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)