Gjin ekstra jild foar A7

16 okt 2009 - 17:11

It doek liket te fallen foar Centrum voor de kunsten A7. De belutsen gemeenten wegerje ekstra jild yn it sintrum te pompen. Dit betsjut dat 130 meiwurkers harren baan ferlieze. It sintrum hat al lang tekoarten en krijt hieltyd foarskotten. Dêr moat no in ein oan komme, sa fine de gemeenten.

It bestjoer fan A7 tinkt dat se it mei ien ekstra bydrage oprêde, mar de gemeenten leauwe lykwols net dat it by dy iene bydrage bliuwt en wegerje dêrom om mear jild te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)