Brede skoalle Dronryp iepene

16 okt 2009 - 15:08

In bysûndere iepening freed fan de earste brede skoalle yn Dronryp. Pastoar Conijn kaam spesjaal del om syn segen te jaan oan de ferboude katolike basisskoalle St. Radbodus.

It skoalgebou út de jierren santich wie wol ta oan in opknapbeurt. It past no wer hielendal by de fyzje fan de skoalle. Der sitte no doarren tusken de ferskate skoallokalen, sadat der better gearwurke wurde kin. En der is in nij binnenplein dêr't alle klassen op útkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)