Skippen op see ferlieze lading

Skippen op de Noardsee ferlieze konteners yn stoarmwaar
Troch de stoarmeftige wyn hawwe op 'e Noardsee boppe Skylge freed twa skippen lading ferlern. Freedtemoarn binne 15 kilometer noardlik fan it eilân 10 konteners oerboard slein fan it skip Dirhari.
De lading bestiet ûnder oaren út elektroanika. Der binne freedtemiddei al in pear konteners oanspield op Skylge. It skip wie ûnderweis fan Rotterdam nei Skandinavië.