Ferwerderadiel brekt mei Esbi

© Omrop Fryslân
Ferwerderadiel brekt mei projektûntwikkeler Esbi by de ûntwikkeling fan it doarpsfernijingsprojekt yn Burdaard. Dêrtroch rint it projekt in pear moanne fertraging op. Ferwerdadiel en Esbi hawwe in ferskil fan miening oer de finansiering fan it nije multyfunksjoneel sintrum yn Burdaard.
Esbi wol mei subsydzjes skowe om finansjele tekoarten op te foljen. De gemeente tinkt dat dat net nedich is.