Boek hûs Scheringa útferkocht

16 okt 2009 - 12:48

Der is in bysûnder grutte fraach nei it boek 'Rinsma State, van Sytzema tot Scheringa'. Sûnt de fal fan 'e DSB-bank begjin dizze wike is de fraach nei it ferline jier ferskynde boek sa grut dat de earste printinge fan 1500 boeken útferkocht is. It boek giet oer Rinsma State yn Driezum, it eardere gemeentehûs fan Dantumadiel.

Om dochs oan de fraach foldwaan te kinnen hat útjouwerij Penn fyftich eksimplaren wer weromkocht fan de gemeente Dantumadiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)