Drachtster mislediget plysje

© Omrop Fryslân
De plysje fan Grins hat tongersdeitenacht in Drachtster (21) oanholden foar mislediging. Yn de binnenstêd wie reboelje ûntstien. De plysje gie derop ôf en seach ferskate minsken stean. De Drachtster rôp ferskate kearen misledigjende wurden nei de plysjes.
Dy hellen him doe út de groep en holden him oan. De man hie gjin identiteitsbewiis by him. Dêr krige er in boete foar. Foar it misledigjen fan de plysjes krijt er proses-ferbaal.