Wieling begrypt emoasjes âlden

16 okt 2009 - 10:18

Skoallemienskip Piter Jelles sil der alles oan dwaan om de ferhuzing fan Impulse yn Ljouwert nei in oare lokaasje goed ferrinne te litten. Dat seit foarsitter Wiebe Wieling fan de ried fan bestjoer fan 'e skoallemienskip yn reaksje op de emosjonele âlderjûn fan tongersdei.

Guon âlders dy't dêr wiene binne benaud dat de ferhuzing nei de lokaasje dêr't ek Piter Jelles Montessori sit, de ein betsjut fan de aparte skoalfoarm fan Impulse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)