Straf Grindheim bliuwt oerein

16 okt 2009 - 10:10

De kommisje fan berop fan it KNVB yn Zeist hâldt fêst oan de straf fan de oanklager om Christian Grindheim foar ien wedstriid te skorsen. De Noarske middenfjilder sei yn de thúswedstriid tsjin VVV lûd 'Fuck you' tsjin in kameraman fan Earedivysje Live. Troch de útspraak mist Grindheim de útwedstriid tsjin PSV.

De Hearrenfeandireksje beriedt him noch oer de fraach oft se yn berop gean sille tsjin de útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)