Ferwûnen by ûngelok De Jouwer

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op 'e Jouwer binne tongersdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. In man (32) út Skarsterbrêge ried oer de Geert Knolwei doe't er nei alle gedachten net goed waard.
Dêrtroch hie er syn auto net mear ûnder kontrôle en botste er op in jonkje fan 12 jier dat op 'e fyts ried. De bestjoerder kaam tsjin in lantearnepeal ta stilstân. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is syn rydbewiis yn beslach nommen.