Twadde winst Aris

15 okt 2009 - 23:08

De Friesland Aris hat tongersdeitejûn de útwedstriid tsjin Matrixx Magixx Nijmegen mei 77-67 wûn. Healwei de wedstriid stie it 38-38. Yn de lêste twa kwarten pakten de Ljouwerter basketballers de winst: 20-17 en 19-12 foar Aris.

Tristan Blackwood (15), Jayme Miller (15), Darryl Monroe (14) en Bob van den Enden (12) kamen foar Aris allegearre yn de dûbele sifers. Aris stiet nei de twadde winst op it sechde plak mei 4 punten út 4 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)