Glêsfezel foar basisskoallen
Achtkarspelen wol alle basisskoallen yn de gemeente takom jier oanslute op it glêsfezelnetwurk. Fierders wol de gemeente it brûken fan moderne, digitale ûnderwiismetoades op de basisskoallen stimulearje.
Foar it glêsfezelnetwurk is 360.000 euro beskikber. De skoallen sille sels ynvestearje moatte yn personiel, oplieding en technyk.