Skoallen sammelje apparaten yn

© Omrop Fryslân
Learlingen fan basisskoallen yn Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân hawwe fiiftûzen âlde apparaten ynsammele. Dat diene se yn it ramt fan de saneamde Wecycle- ynsammelwedstryd. Dat is in wedstryd tusken 32 regionale basisskoallen.
Winner waard basisskoalle De Twine út Dokkum. Dy skoalle sammele mar leafst 626 apparaten yn. De aksje wurdt organisearre yn opdracht fan produsinten en ymporteurs fan apparaten.