Brân yn twamêster Harns
Der hat tongersdei oan 'e ein fan 'e middei brân west yn in twamêster yn de haven van Harns. De brân ûntstie by wurksumheden yn it skip.
De brânwacht fan Harns wie binnen in pear minuten te plak en hie it fjoer gau útmakke. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by it ynsidint.