Ploeg bliuwt BOVAG-baas

15 okt 2009 - 17:10
  • BOVAG-foarstter Jan Ploeg

Ald CDA-deputearre Jan Ploeg út Drachten is op 'e nij keazen as bûnsfoarsitter fan de BOVAG. Dit is de brânzje-organisaasje foar ûndernimmers yn 'e autosektor. De earste termyn fan Ploeg rint ein dit jier ôf.

Ploeg hie oanjûn net beskikber te wêzen foar de folsleine perioade fan trije jier, mar wol foar in jier. Yn dy tiid wol Jan Ploeg de fernijing by de BOVAG sels ta in goed ein bringe. It giet dan foaral om saken op it mêd fan finânsjes en de CAO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)