Konst krijt 'Giftige simmer'

© Omrop Fryslân
De Sintrale As, wynturbines, de Heak om Ljouwert, nije yndustrygebieten en de ôffaloven fan Harns. Net eltsenien is it dêrmei iens. 49 Fryske keunstners hawwe op inisjatyf fan útjouwer Abe de Vries in pamflet makke. Se hoopje dat minsken en fral bestjoerders nochris goed neitinke foardat se alle plannen útfiere.
It boek is tongersdei oanbean oan deputearre Hans Konst, de man dy't ferantwurdlik is foar de ynrjochting fan Fryslân.