Sikeboech Cambuur rint leech

15 okt 2009 - 13:00

De sikeboech by Sportklup_Cambuur rint stadichoan wer leech. Sa stiene Randy Rustenberg, Nuelson Wau en Robert van Boxel tongersdeitemoarn wer op it trainingsfjild. Foar Wau en Van Boxel komt de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles noch te betiid, mar Rustenberg soe wer spylje kinne.

Jos van Nieuwstadt is der seker net by. Hy is útskeakele mei in blessuere oan de hamstring. SC Cambuur giet yn Deventer op jacht nei de kopposysje. De wedstriid begjint al om 19:30.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)