Ein DSB-maratonploech tichtby

15 okt 2009 - 12:23
  • Elma de Vries (foto: Martin de Jong)

As it fallisemint fan 'e DSB-bank útsprutsen wurdt is dat de ein fan 'e DSB-maratonploech. Op dit stuit is de jildoanfier nei de maratonriders al ôfsletten. It team is hielendal ôfhinklik fan 'e bank, sa seit ploechlieder Peter de Vries.

Yn de DSB-ploech ride ûnder oare Ingmar Berga by de manlju en Maria Sterk en Elma de Vries by de froulju. In part fan 'e ploech libbet hielendal fan it riden. Foar dy groep betsjut it fallisemint dat se wurkleas wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)