Dokkum krijt Voedselbank

15 okt 2009 - 10:03

Der komt in Voedselbank yn Dongeradiel. Dat beslút is woansdei naam op in gearkomste fan de tsjerken yn Dokkum. Foarsitter Kobus Walsma fan de Fryske voedselbanken is tige optein oer it beslút om yn Dokkum ek in bank yn te stellen. Yn novimber komme de inisjatyfnimmers wer byinoar om fierdere ôfspraken te meitsjen. Fryslân telt no acht voedselbanken. Neist de bank yn Dokkum, wurdt der ek wurke oan voedselbanken yn Snits, Dantumadiel en op Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)