Tsjinstanners oven nei sitting

15 okt 2009 - 08:07
  • Ried fan Steat praat tongersdei oer de Offalferbaarningsoven yn Harns

In bus mei tsjinstanners fan de ôffaloven yn Harns is ûnderweis nei it gebou fan de Ried fan Steat yn Den Haach. Dêr begjint om alve oere in sitting oer de miljeufergunning fan de ôffaloven.

Acht ynsprekkers sille by de sitting har beswieren tsjin de fergunning taljochtsje. It giet ûnder oare om fertsjintwurdigers fan de Stichting Afvaloven Nee, mar ek inisjatyfnimmer Omrin en de provinsje as fergunningferliener komme oan it wurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)