Grutte belangstelling NAM-jûn

15 okt 2009 - 06:56

Sa'n 200 minsken hawwe woansdei by in ynformaasjejûn fan de NAM, de Nederlandse Aardolie Maatschappij, op It Amelân west. De NAM wol op it eilân in nije boarlokaasje foar gas út de Noardsee begjinne. In soad Amelanners binne benaud dat dat boarjen foar skea soargje sil oan it toerisme.

Op de byienkomst waard dúdlik dat de NAM foarkar hat foar in plak oan de eastkant fan Bueren. De NAM is dêr ek al begûn mei ûndersyk fan de grûn, noch sûnder ynstimming fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)