Dochs filmfestival op Skylge

15 okt 2009 - 06:44

Twa filmklups op Skylge organisearje in eigen filmfestival. It festival is in ferfolch op it Noordelijk Film Festival dat de ôfrûne trije jier op Skylge hâlden waard. De organisaasje achter dat festival makke earder bekend net wer in edysje op Skylge te hâlden omdat it him konsintrearje wol op it haadevenemint yn Ljouwert.

De filmklups hawwe yn gearwurking mei in filmsjoernalist in programma gearstald mei 21 films. Dy binne te sjen fan 13 oant en mei 15 novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)