Fryslân oer op biogas

14 okt 2009 - 22:25

Yn gearwurking mei tweintich partijen wol de provinsje it gebrûk fan biogas rapper oan de man bringe. Dizze ploech, mei de namme Fol Gas Foarút, hat in protte kunde fan biogas en begjint yn 2010 in kampanje om minsken waarm te meitsjen foar ierd- en biogas. Der dogge ûndernimmers mei, mar ek gemeenten en in ynstelling lykas de Gasunie. Yn Fryslân binne op dit stuit sân ierdgastasjons.

Doel is dat yn 2010 der yn Fryslân auto's op biogas ride kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)