Bûtenswimmen De Jouwer foarby

14 okt 2009 - 22:15

De bûtenbaden fan swimbad de Stiennen Flier op De Jouwer wurde sloopt. Yn de plannen foar it Sportief Knooppunt yn it doarp komt de nije sporthal op it plak dêr't no de bûtenbaden lizze. De gemeente Skarsterlân hat hjir yn de mande mei it swimbad foar keazen omdat de ûnderhâldskosten te heech waarden.

Tusken it swimbad en de sporthal komt in nij gebou mei in mienskiplike yngong. Dêryn komt ek de hoareka. Ek komt der bûten in wetterboartersplak. It plan kostet acht miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)