Buertrelaasjewurk Suderbuorren

14 okt 2009 - 20:22

Der sil in ekstra jongerewurker oan it wurk yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. Yn de wyk is in protte oerlêst. De jongerewurker sil as buertrelaasjewurker ynsetten wurde.

Dizze hat as taak om de fernielsuchtige jongerein op te spoaren en mei de jeugd en âlders yn petear te gean. Hjirtroch hoecht de plysje der faak net oan te pas te kommen. Yn 2007 is dizze metoade mei súkses tapast yn de wyk Aldlân yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)