VVD: ferkeapje erfpachthúskes

14 okt 2009 - 19:50

Eigners fan fakânsjehúskes op 'e Waadeilannen moatte de grûn dêr't harren húske op stiet keapje kinne. Dat fynt de Twadde Keamerfraksje fan de VVD. No is in grut part fan de grûn noch fan Steatsboskbehear en ha de húseigners dy grûn yn erfpacht.

Mar Steatsboskbehear mei fan lânbou-minister Verburg de tariven flink ferheegje. En dat stuitet op ferset fan keamerleden. Om fan de diskusje ôf te wêzen wol de VVD dat húseigners de grûn oerkeapje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)