Foppe brekt mooglik mei H´fean

14 okt 2009 - 18:45

As Foppe_de_Haan as trainer oannaam wurdt by Ajax_Cape_Town, ferbrekt hy alle kontrakten mei SC_Hearrenfean. Dat soe betsjutte dat De Haan nei sa´n 25 jier definityf ophâldt by syn klup. Neffens De_Haan is de kâns dat hy it aventoer yn Súd-Afrika oangiet "mear as 50 persint". Hy sil dan de kommende acht moanne it seizoen folmeitsje.

De 66-jierrige De_Haan neamt it feit dat dy relatyf koarte perioade te oersjen is belangryk, en ek it feit dat syn frou achter syn kar stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)