Wettertanks yn Hurdegaryp

14 okt 2009 - 12:08

By it nije bernesintrum yn Hurdegaryp binne woansdei 4 wettertanks pleatst. De tanks fan 20.000 liter it stik fange reinwetter op dat brûkt wurdt om de húskes troch te spielen. Yn it gebou komme 2 skoallen, berne-opfang en in pjutteboartersplak. De tanks moatte yn 15 jier werom fertsjinne wurde.

Wethâlder Fokkema fynt sa'n tank belangryk. Kavels foar nijbouhûzen dy't útjûn wurde sille tenei standert oplevere wurde mei in reinwettertank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)