Epke Zonderland yn twa finales

Epke Zonderland: yn twa wk-finales (foto: Martin de Jong)
Epke Zonderland hat him op it WK turnjen yn Londen pleatst foar twa finales. Mei in puntetotaal fan 15, 300 giet er as sechsde de finale oan 'e rekstôk yn. Der sit mear yn, mar troch in mislearre ôfsprong sakke syn skoare. Op brêge helle er 15,175 punten. Mei dat totaal giet hy as achtste en lêste de finale yn. Epke syn broer Herre naam op it WK ôfskie fan it ynternasjonale topturnjen. Herre turne goed op flier en sprong, mar helle de finale net.