1000ste Fryske ko nei Tanzania

13 okt 2009 - 22:23

De Fryske helporganisaasje Farm Friends tinkt der oan om ek bûten Tanzania help te jaan oan earme boeren. Farm Friends bestiet no sawat sân jier en hopet ein dizze moanne de tûzenste ko oer te dragen oan in boer of boerin yn Tanzania.

Farm Friends wurket sa dat it jild foar de ko earst foarsketten wurdt. De lokale boeren betelje it bist yn twa jier tiid werom, troch in heffing op de molkpriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)