Nelleke Mulder bêste sakefrou

13 okt 2009 - 22:11
  • Nelleke Mulder
  • Nelleke Mulder

Nelleke Mulder fan it bedriuw Image & Styling yn Snits is tiisdei útroppen ta Sakefrou fan it Noarden. Yn Martiniplaza yn Grins bleau Mulder de twa oare nominearre kandidaten, Xandra Groenewold út Grins en Femke Spiering út Hoogeveen, foar.

De sjuery wie ûnder de yndruk fan de útstrieling fan it bedriuw fan Mulder. Se is in frou mei lef, dy't oaren ynspireart omdat se grinzen ferleit en risiko's nimt. Mulders bedriuw is spesjalisearre yn uterlike fersoarging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)