FNP: 'Twizelerheide op slot'

13 okt 2009 - 22:08

De FNP yn Achtkarspelen is benaud dat Twizelerheide hielendal op slot komt te sitten troch wurksumheden oan in pear belangrike diken. As earste wurde de Agehoeke en de Bjirkewei oanpakt. De FNP tinkt dat de kâns grut is dat it wurk útrint. Dan binne beide strjitten noch net klear as ek Reapdraaiersreed oanpakt wurdt.

De fraksje hat skriftlike fragen steld oan B&W. Dêryn seit de FNP ek dat der gjin oerlis west hat mei de brânwacht en de ambulânse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)