KPN haadsponsor KNSB

Aegon hat 25 jier sponsor west fan de KNSB
De logo's en buorden fan fersekeringsbedriuw Aegon yn it Thialfstadion op It Hearrenfean wurde takom jier ferfongen troch dy fan KPN.
It telekommunikaasjebedriuw is de nije haadsponsor fan it reedridersbûn KNSB. Aegon, dat ek in grutte festiging hat yn Ljouwert, kin de sponsoring net langer betelje, omdat it net sa goed giet yn de fersekeringswrâld. Foarsitter Doekle Terpstra fan de KNSB spruts by de presintaasje fan de nije sponsor fan 'dûbele gefoelens'.